Wat is it VoLANGteer-projekt?

It is in proefprojekt dat bûtenlanners yn Fryslân en Galisië yn 'e kunde bringt mei de taal en kultuer fan dy streek. Sy krije as Galisiër of Fries Yn Oplieding in maatsje dat harren frijwillich fertroud makket mei de streek. Harren ûnderfiningen tsjinje letter wer as foarbyld foar oare regio's dêr't se wat soartgelikens ûndernimme wolle.

De Europeeske Uny besiket troch it projekt om minsken dy't út oare streken nei in regio mei in eigen taal komme derta oan te setten om mei de taal en kultuer fan dy streek yn 'e kunde te kommen.

Alle net-Galisiërs en net-Friezen dy't yn de oanbelangjende streken wenje kinne Galisiër of Fries Yn Oplieding wurde. Benammen Erasmus-studinten komme yn 'e beneaming.

Doel is dat de bûtenlanners in beheinde kennis fan de talen en kultueren opdogge fan de regio dêr't se ferbliuwe. De útfierders fan it projekt ûntwikkelje dêr materiaal foar dat se de frijwilligers ta har foldwaan jouwe. De frijwilligers en de learders komme trochinoar ienris yn 'e fjirtjin dagen byinoar, mar dat kinne se ûnderling útmeitsje.

De Galisiër/Fries Yn Oplieding en de frijwilliger kinne tegearre útmeitsje wat se graach dwaan wolle. It is al hiel aardich om tegearre oer fan alles te praten (kultuer, sport, gebrûken), mar se kinne ek taalspultsjes dwaan, nei konserten, de skouboarch, sportwedstriden, de kroech ... alle kontakt soarget derfoar dat se faninoar leare en dat de bûtenlanner him mear thúsfielt yn syn tydlik gastlân.